"Wannear't we it tûk dogge, kinne we de toerisme-omset ferdûbelje"

Toerisme moat troch de polityk sjoen wurde as topsektor. Dat seit direkteur Martin Cnossen fan toerismeburo Merk Fryslân nei in toeristysk suksesfol peaskewykein. Neffens him kin de omset yn it toerisme de kommende tsien jier ferdûbele wurde.
Love Fryslân © ANP
Martin Cnossen fan Merk Fryslân
Toeristysk Fryslân hat neffens Cnossen in goed peaskewykein efter de rêch, te fergelykjen mei it rekôrjier 2018. In soad hotels, campings en jachthavens wiene yn it foar al foar in grut part folboekt. Mei it moaie waar wiene der ek in soad lastminuteboekingen. "It hat in geweldich wykein west. It wie oeral hartstikke drok. Wat wolle jo noch mear?"

Nederlanners, Dútsers en Belgen

De toeristen komme foar it grutste part út Nederlân. "Sa'n tachtich prosint. De bûtenlânske gasten besteane foar njoggentich prosint út Dútsers. De Belgen binne de lêste jierren ek hieltyd dúdliker fertsjintwurdige. Dêr rjochtsje wy ús mei ús marketingaktiviteiten ek op, foar in lang wykein fuort bygelyks. Fanút parten fan Dútslân en Flaanderen is it in oerke as fjouwer riden nei Fryslân. Dat is noch te dwaan foar in lang wykein."
In drok peaskewykein dus, mar wat fertelt ús dat? "Wat it yn elk gefal seit, is dat we der as Fryslân goed op steane. Minsken witte ús te finen en komme graach nei ús ta. It waar wie fansels ek in belangrike faktor. Ofrûne wykein wie dat in hiel positive faktor."

Groeiende sektor

Cnossen sjocht in moaie takomst foar it toerisme yn Fryslân. "De sektor groeit geweldich. Toerisme groeit oant 2030 mei fyftich oant hûndert prosint, sa is besifere. Ik ken gjin sektor mei sokke perspektyfsifers oerlizze kin. Wy soene it hiel belangryk fine dat de provinsje, it Ryk en de gemeenten toerisme sjogge as in topsektor en dêr ek belied op sette: hoe kinne we ús provinsje goed ûntwikkelje?"
Dy ûntwikkeling soe it toerisme noch mear groeie kinne litte. "De sektor is goed foar sân prosint fan de ekonomy fan Fryslân: 1,2 miljard euro oan omset. Dat soe betsjutte kinne, wannear't we it tûk dogge, we dy omset miskien wol ferdûbelje kinne yn de kommende tsien jier.
Cnossen en Merk Fryslân sette dêrby yn op heechweardich toerisme. "Wy wolle ús rjochtsje op de kultuer-natuertoerist: de bewuste kiezer dy't meardere kearen yn it jier op fakânsje giet en goed wat te besteegjen hat."