Kollum: "De brân yn de katedraal"

23 apr 2019 - 08:19

"Yn de Hillige Wike fan april lôge de Notre-Dame yn flammen. Op sosjale media wie live te folgjen hoe't it âlde hert fan Parys, de katedraal oan Maria wijd, foar it meastepart ferlern gie. De skok en de ûntsetting wiene grut. In arsjitektoanysk pronkstik út de midsiuwen gie teneate foar de eagen fan de wrâld."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Yn de dagen foar dy ramp hie de âlde paus, eks-paus Benedictus, de hiele Roomsk-Katolike tsjerke al oerdrachtlik yn 'e brân stutsen. Dat die er mei in essay oer it seksueel misbrûk fan de tsjerke. De oarsaak dêrfan lei net by de tsjerke sels, sa skreau er, mar by de seksuele revolúsje fan de jierren 60. Dy late ta in moreel ynstoarten dêr't de tsjerke gjin ferwar tsjin hie. Mei oare wurden: it personiel fan de tsjerke hat him oan bern misgrypt omdat se tochten dat it mocht.

Behalve dat it in idioate redenearring is dy't fan gjin kanten doocht (it misbrûk wie ommers al iuwen dêrfoar oan 'e gong, de kulturele revolúsje fan de sechstiger jierren soarge krekt foar in iepenens dy't slachtoffers bemoedige om mei harren ferhalen nei bûten te kommen), is dy redenearring ek beskamsum. De âlde Benedictus seaget mei syn stik oan de poaten fan de pauslike sit fan syn progressivere opfolger Franciscus, dy't krekt wurk makket fan it seksueel misbrûk.

Yn maart hie Franciscus nammentlik in wet útfeardige dy't personiel en diplomaten fan it Fatikaan ferplichtet om melding te meitsjen fan alle beskuldigingen fan seksueel misbrûk. In stap foarút dy't Benedictus korrizjearje wol. Hy sit dus net allinne syn opfolger dwers, Benedictus jout de slachtoffers ek nochris in klap yn it gesicht troch se net serieus te nimmen. Dat er oan skiedferfalsking docht, moat ek sein wurde.

Sa krige de brân fan de Notre-Dame symboalyske betsjuttingen. Dy spegele de skisma's yn de Roomsk-Katolike tsjerke, de ferdieldens, de spanning tusken ûntkenning en foarútgong. Sa't dy brân ek de spanning tusken ûntkenning en foarútgong yn grutter ferbân spegele. De ferdieldheid tusken lannen en minsken. Tusken klimaathoaxers en de drastyske klimaatferoaringen dy't oan 'e gong binne.

Tusken faksinaasjewegerders en de massale útbraak fan sykten dy't al lang ûnder kontrôle wiene. De ferdieldheid tusken leauwigen, net-leauwigen en oars-leauwigen dy't oant de dei fan hjoed ûntelbere deaden easket.

Dyselde spanning sit ek yn it feit dat guon minsken yn de ferneatiging fan de Notre-Dame in fingerwizing fan God seagen om de echte lear fan Jezus te folgjen. Dus net skrieme om in stel stiennen en dêr in slompe jild oan besteegje, mar de earmen, de hongerigen en de ûnderdrukten helpe. Sa't oaren der dan wer in fingerwizing fan God yn seagen dat it gouden krús en it alter yn de katedraal net te'n proai oan de flammen foelen .

Elts hat sa syn eigen symboalyske ynfolling fan de brân. Ik ek. Ik fyn it bysûnder dat de bijen dy't op it dak hâlden waarden de brân oerlibbe ha. Dat gegeven wol ik graach as in teken sjen. In symboal fan de realiteit dat úteinlik neat wichtiger is as de katedraal fan de ierde."

(advertinsje)
(advertinsje)