Ungelok op A6 soarget foar fertraging rjochting Flevolân
Op de A6 hat tiisdeitemoarn yn de rjochting fan de Noardeastpolder in ûngelok plakfûn. In frachtwein kaam krekt nei de ôfslach nei De Lemmer yn botsing mei in persoane-auto. By it ûngelok binne gjin minsken ferwûne rekke, meldt de plysje.
De fertraging rûn op ta sa'n tweintich minuten. De linkerrydstripe hat in skoftsje ôfsletten west.