Lykspul foar VV Bûtenpost tsjin DETO

22 apr 2019 - 21:10

Yn de ûnderste regioanen fan de haadklasse B hat VV Bûtenpost in punt pakt tsjin direkte konkurrint DETO út Vriezenveen. Nei in spektakulêr earste kertier stiene de 'Blaukes' mei 2-1 efter, mar yn de twadde helte kopte Joost Visser de belangrike 2-2 binnen.

Foto: Omrop Fryslân

Nei trije minuten wiene it de gasten fan DETO dy't de skoare iepenen op sportpark De Swadde. Yn de achtste minút stie Bûtenpost alwer op likense hichte. Troch in handsbal mocht Robin Huisman de Jong de bal op de strafskopstip lizze. Hy miste net en sette de stân op 1-1. Fuortendaliks dêrnei wie it wer DETO dat op foarsprong kaam. Keeper Kevin van der Meulen wie kânsleas by in kopbal fan Kevin Peppels. Sa stie it nei 12 minuten al 1-2. Mei dy stân giene de ploegen ek de klaaikeamer yn.

Yn de twadde helte wie it ynfaller Joost Visser dy't de belangrike 2-2 op it skoareboerd sette. Ut in frije traap yn de 59e minút koe er by de twadde peal ynkoppe. Dat wie ek de einstân yn Bûtenpost.

Troch it lykspul stiet Bûtenpost op in tolfde plak mei 28 punten út 25 wedstriden. Dat is krekt boppe de streep foar de neikompetysje. Dêrmei hat it team fan coach René van der Weij alles noch yn eigen hân.

Trefwurden: 
fuotbal VV Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)