Hartthijs de Vries wint Ronde van Oerterp

22 apr 2019 - 20:54

De Friezen wiene op peaskemoandei suksesfol yn de Ronde fan Oerterp, it earste kritearium fan Fryslân fan dit seizoen oer in ôfstân fan 80 kilometer. Hartthijs de Vries út Kollum wûn de wedstriid, Wim Stoetinga út Terwispel waard twadde. It tredde plak wie foar Martin Pluto, in Let dy't yn Den Haag wennet.

Foto: Team Vlasman

"Speciale overwinning in de Ronde van Ureterp op de verjaardag van vaders", skriuwt Hartthijs de Vries yn in berjochtsje op syn Twitter mei in finishfoto fan him derby.

(advertinsje)
(advertinsje)