Heit en mem besykje mei aksje jild foar rolstoelbus foar soan Ties byinoar te krijen

22 apr 2019 - 19:38

De 7-jierrige Ties út Snits sit yn in rolstoel. Eins al syn hiele libben. Troch in harsenbeskeadiging kin er mar in pear stappen rinne. De rolstoel moat dus oeral mei hinne. Dêrfoar is in rolstoelbus nedich dy't syn heit en mem eins net betelje kinne. Se moatte noch sawat 25.000 euro hawwe. In crowdfundaksje moat no in oplossing bringe.

Doar-oan-doar-aksje

Yn de tún fan mem Annemiek Hulzenga lizze in pear hûndert staasjejildflessen. "En er lag eerst nog minstens drie keer zoveel. En dat lijkt dan best een hoop, maar als je die vervolgens inlevert is het eigenlijk nog steeds niet zoveel waard."

De ôfrûne wiken hawwe Annemiek en har freon alle doarren yn harren buert yn Snits bydel west om de flessen op te heljen. "Maar soms lag er ook zomaar een envelop met wat geld op ons te wachten als we langskwamen. Het was echt hartverwarmend om te zien."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferhuzing

Mar genôch wie it noch net. Ek online waard der jild ynsammele. Op de webside fan Dream or Donate kin donearre wurde. En sa is der al mear as 10.000 euro ophelle. Mar dat moat 25.000 wurde. "We kunnen het zelf niet betalen, omdat we over een paar jaar ook zullen moeten verhuizen. Ons huis is niet geschikt voor een grotere rolstoel. De deuren zijn niet breed genoeg en eigenlijk zou Ties niet de trap op moeten. Maar die verhuizing kunnen we niet betalen, als we nu al ons geld al besteden aan de rolstoelbus."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Tille kin net mear as Ties te grut wurdt"

Op dit stuit moat Ties hieltyd de auto yn tild wurde troch syn heit of mem. En dat giet no noch, mar hy groeit hurd. En dat betsjut dat it al hiel rap net mear te dwaan is. "We willen de bus eigenlijk voor de zomer hebben. Voor die tijd zou het geld binnen moeten zijn. We hopen nog op wat subsidie van de gemeente voor de ombouw van de bus, maar de rest moet echt uit de crowdfunding komen."

Mem Annemiek Hulzenga oer wat Ties no krekt mankeart

Trefwurden: 
crowdfunding rolstoelbus Ties
(advertinsje)