SC Cambuur bliuwt mei oerwinning op Den Bosch yn de race foar play-offs

22 apr 2019 - 17:04

SC Cambuur bliuwt yn de race foar de play-offs. De Ljouwters wûnen op peaskemoandei de thúswedstriid tsjin FC Den Bosch mei 2-0. Dermei hellen se de fereaske trije punten.

Der waard earst net skoard yn de wedstriid. Cambuur kaam nei 35 minuten oan de lieding troch in doelpunt fan Robbert Schilder. It wie Robbert Schilder syn earste goal yn it giel-blau. Sai van Wermeskerken stjoerde Andrejs Ciganiks de djipte yn en nei in oerstapke fan Robin Maulun koe Schilder de bal binnen sjitte.

Flak foar de rêst moast Sam Hendriks op in brankaar fan it fjild ôffierd wurde mei in blessuere. Hy waard ferfongen troch Nigel Robertha. Cambuur gie de rêst yn mei in foarsprong fan 1-0.

Foto: Orange Pictures

Nei de rêst kaam Den Bosch wat feller út de klaaikeamer. In soad smiet dat net op foar de Brabanners. Cambuurspiler Mbende krige yn de 56e minút in giele kaart. In pear minuten letter kopte Matthew Steenvoorden in hoekskop yn it doel en dêrmei stie SC Cambuur mei 2-0 foar.

Yn de 73e minút krige Cambuur in penalty. David Sambissa wie dwers troch de ferdigening fan Den Bosch hinne dribbele. Foardat er it ôfmeitsje koe, waard er ûnderút helle. De strafskop dy't Cambuur dêrop takend krige, waard naam troch Robin Maulun. Hy helle it net, want it skot waard keard troch de doelman fan FC Den Bosch.

Cambuurdoelman Xavier Mous wist op syn beurt in strafskop fan Den Bosch tsjin te hâlden. Issa Kallon krige tsjin de ein fan de wedstriid in kâns der noch 3-0 fan te meitsjen. Syn skot einige op de fûsten fan Den Bosch-doelman Van der Steen. Yn de ekstra tiid ferraste Issa Kallon de Den Bosch-doelman yn de koarte hoeke, mar de bal gie yn it sydnet.

Cambuur - FC Den Bosch 2 -0 (1-0) 35. Robbert Schilder (1-0), 62. Matthew Steenvoorden (2-0)

Opstelling SC Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden (83. Jones), Mbende, Sambissa, Jansen (63. Kallon), Schilder (83. Schindler), Maulun, Ciganiks, Hendriks (45 Robertha), Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)