FIDEO: Play-off 2 VC Snits-Sliedrecht Sport

VC Snits hat ek it twadde duel yn de play-offs ferlern fan Sliedrecht Sport. Yn de sporthal fan Snits wienen de Súd-Hollânske follybalfroulju mei 3-0 dúdlik in maatsje te grut foar de Friezen. De stân yn de bêste-fan-fiif-searje om de lânstitel komt dêrmei op 2-0. Sliedrecht Sport kin woansdei by winst yn eigen hal foar de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen wurde. In gearfetting mei reaksjes fan play-off duel twa.
Fideo: Play-off 2 VC Snits-Sliedrecht Sport