Johnny Jansen sjocht himself as nije haadtrainer fan SC Hearrenfean

22 apr 2019 - 15:55

As it oan Johnny Jansen leit, giet er takom seizoen fierder as haadtrainer by SC Hearrenfean. Jansen is nei it ûntslach fan Jan Olde Riekerink foar de rest fan it seizoen nei foaren skood as syn ferfanger. Hy soe graach oanbliuwe wolle as haadtrainer.

"Tuurlijk denk ik na over mijn eigen toekomst, al wordt daar nog niet over gesproken. De wedstrijden zijn best kort op elkaar, dus ligt de focus nu alweer op VVV. Maar het spookt wel door mijn hoofd", seit Jansen.

Mocht SC Hearrenfean beslute foar takom seizoen in nije haadtrainer oan te lûken, dan soe dat bestjutte dat Jansen weromgiet nei syn âlde rol as assistint. "Als dat zo is, dan ga ik dat gewoon weer doen. Ik weet ook niet of ik dat makkelijk ga vinden. want in mijn hart blijf ik het liefst hoofdtrainer."

Foto: www.orange-pictures.nl

VVV-Venlo

Tiisdeitejûn komt VVV út Venlo op besite nei it Abe Lenstrastadion. Foar beide ploegen stiet der net mear in soad op it spul. Nei it ferlies tsjin Heracles Almelo (2-1) binne de play-offs foar SC Hearrenfean net mear in realitysk doel. Mar dêr is Jansen it net mei iens. "Je weet het nooit. Het enige wat wij moeten doen, is de komende wedstrijden winnen en dan zien we het wel. Bovendien is er voor de club nog veel geld te winnen. (800.000 euro oan telefyzjejilden, red.)."

SC Hearrenfean hat twa wedstriden tsjin FC Grins en Heracles Almelo aardich fuotballe, mar wol dat tsjin VVV omsette yn in goed resultaat. Nettsjinsteande in folslein fitte seleksje sil Jansen gjin feroarings oanbringe oan syn basisalvetal. "De jongens hebben, afgezien van het resultaat, gewoon prima gevoetbald tegen Groningen en Heracles. Dus ik laat het zo staan."

Fermoedlike opstelling: Hahn, Schmidt, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Kobayashi, Vlap, Van Bergen, Lammers, Van Amersfoort.

(advertinsje)
(advertinsje)