Drokte yn de loft oan Iselmar by Murns
Mei moai waar wolle de measte minsken mar ien ding: derop út en derfan genietsje. Foaral ast in aardige leafhawwerij hast. Kitesurfers profitearren by Murns fan it prachtige maitiidswaar op dizze peaskemoandei.
Mar net allinne sy. It wie ek genietsjen foar minsken op in kleedsje of in klapstuoltsje oan it wetter fan de Iselmar.