Súd-Afrikaanske keunstner eksposearret yn Fries Museum

22 apr 2019 - 14:37

De 25-jierrige Neo Matloga út Súd-Afrika hat syn earste solotentoanstelling fan syn karriêre yn it Fries Museum. Hy wennet twa jier yn Amsterdam en timmeret al aardich oan 'e dyk. Sa wûn er ferline jier de Koninklijke Prijs voor Vrije Schilderkunst. Fierders waard er nominearre foar de Volkskrant Beeldende Kunst Prijs 2019. Fan 'e wike waard bekend dat er dy priis net wûn hat.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Matloga wennet en wurket yn Amsterdam, dêr't er krekt klear is mei in residinsje oan keunstnersynstitút De Ateliers. Hy makket grutte skilderijen yn it griis, swart en wyt. It binne tafrielen út it gewoane libben. Minsken dy't prate, dûnsje en wat drinke.

Foar in part binne de wurken skildere. De gesichten binne kollaazjes. Matloga hat dêrfoar dielen fan gesichten út kranten en tydskriften knipt en dy op it skilderij plakt, lykas in mûle of in each. Dat jout in hiel apart byld, krekt as hawwe de minsken maskers op. "We hawwe yn ferskate situaasjes ferskate maskers op. Elke situaasje freget om oar gedrach, en dat sjochtst werom yn myn skilderijen", leit Matloga yn it Ingelsk út.

It wurk is ynspirearre troch de jeugd fan Matloga, in libben fan nei de apartheid. Hy seit mei klam dat dit net relevant is yn syn wurk. "It is keunst en it is net myn bedoeling om myn wurk te politisearjen. It giet om it sjen litten fan it gewoane libben. Ik fergelykje my graach mei Rembrandt, dy't ek it deistige libben sjen liet. Ik doch itselde, mar dan in pear iuwen letter."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn petear mei Neo Matloga

Verzameld werk

Neist de tentoanstelling fan Matloga set sneon ek de tentoanstelling Verzameld werk útein. It giet oer hoe't it Fries Museum al 150 jier ferhalen sammelet en hoe't de samling hieltyd feroaret.

Yn de rin fan maaie set in searje útein by Omrop Fryslân oer it wurk achter de skermen by it Fries Museum, nei oanlieding fan de tentoanstelling. Mei fragen as: Hoe bepale je oft je in wurk keapje en wat dogge je as je fan je skatten ôf wolle?

(Advertinsje)
(Advertinsje)