Brân yn frijsteand hûs mei reiddak yn Easterstreek

De brânwacht is moandei manmachtich útriden foar in brân yn in hûs oan de Dwersfeartwei yn Easterstreek. Neffens de brânwacht gie it om in útslaande brân yn in frijsteand hûs mei in reiddak. Om de skea te beheinen hat de brânwacht it dak 'ynpakt' mei skom.
Der binne gjin minsken of bisten mear yn de wenning. De brânwacht fan de posten Aldeberkeap, Noardwâlde en Steenwijk hat twa blusweinen en in heechwurker ynset om it fjoer te bestriden.
Neffens de brânwacht liket de brân ûnder kontrôle. Der sil sloopwurk oan it dak dien wurde, om te sjen oft der noch fjoerresten ûnder it reid sitte.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat te sizzen.
© CAMJO media / Jaring Rispens