Benefytkonsert foar troch brân dupearre famylje Sint-Jabik

22 apr 2019 - 13:47

Der komt in benefytkonsert foar de dupearre famylje út Sint-Jabik, dy't ôfrûne tiisdei harren pleats yn flammen opgean seach. It konsert wurdt hâlden yn The Dance Factory yn Berltsum.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Mem Anneke de Groot en fjirtjin pleechbern rekken troch de brân dakleas. Yntusken ha se in tydlik ûnderkommen fûn en rint der in donearaksje fia Facebook. It konsert is in ekstra middel om jild byinoar te krijen en is neffens soan Gerard Zijlstra bedoeld foar de bern. "Het is belangrijk dat ze hun eigen dingen weer kunnen kopen en dat ze gewoon weer kunnen genieten straks."

De famylje is tydlik op in oar plak ûnderbrocht yn de gemeente Waadhoeke. It ûndersyk nei it ûntstean fan de brân rint noch. De útkomsten binne belangryk foar de fersekering. Neffens Zijlstra wol de famylje hoe dan ek op itselde plak in nij hûs bouwe.

Fjouwer bands

It benefytkonsert sil freed 3 maaie hâlden wurde yn The Dance Factory yn Berltsum. Hjir sille tusken healwei achten en tolve oere jûns fjouwer bands út de omjouwing optrede. Der wurdt in tagongspriis fan 5 euro frege en besikers kinne dêrneist in frijwillige bydrage dwaan.

Gerard Zijlstra, soan fan Anneke de Groot en inisjatyfnimmer fan it konsert

(advertinsje)