Motorrider giet ûnderút en rekket slim ferwûne by Koarnwert

22 apr 2019 - 12:43

In motorrider is oan de ein fan moandeitemoarn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Houwdyk by Koarnwert. De motorrider gie troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút.

Ferskate helptsjinsten, en in traumahelikopter, binne teplak om help te ferlienen. De plysje hat de Houwdyk hjirfoar ôfsletten. De ferkearsûngefallenanalyze (VOA) docht ûndersyk.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema
Trefwurden: 
motorûngelok Koarnwert
(advertinsje)
(advertinsje)