Net mei de hûn, it hynder of de skiep in blokje om, mar mei de pappegaai!

22 apr 2019 - 12:00

Kuierje mei dyn pappegaai? It kin moandeitemiddei yn Snits. De kuiertocht wurdt organisearre troch Hanneke Postma út Snits. Sy is lid fan de Facebookgroep De Papegaaienwandelingen.

De groep organisearret it hiele jier troch kuiers yn natuergebieten en stêden en doarpen. De dielnimmers komme út it hiele lân om mei te dwaan.

Frisse snaffel helje

Neffens de organisaasje hâldt goed soargjen foar dyn pappegaai net op mei it soargjen foar wetter en fretten en se no en dan te dûsen. Nei bûten gean heart dêr ek by. De groep neamt de kuiers de perfekte gelegenheid om mei dyn fûgel in frisse snaffel te heljen en oare pappegaaieleafhawwers te treffen.

Fitamine D

De eigeners ha in kursus folge by in stichting dy't swalkpappegaaien opfangt. By dy kursus krigen se te hearren dat it belangryk is dat harren pappegaai genôch fitamine D binnenkrijt. "Het zijn tenslotte buitenvogels", seit Marco van de Bunt fan de Facebookgroep.

De kuiertocht duorret sa'n 2 oeren en begjint om 13.00 oere op it parkearplak Bolswarderpoort yn Snits.

(advertinsje)
(advertinsje)