Ferkearsmeldpunt foar ûnfeilige situaasjes noch ien dei iepen

It meldpunt ferkearsûnfeilige situaasjes op de webside fan Omrop Fryslân hat yn twa wiken tiid 632 meldingen opsmiten. Peaskemoandei is de lêste dei datst noch lokaasjes trochjaan kinst, wêrfan'tsto fynst dat it dêr gefaarlik is foar fytsers, kuierders, autobestjoerders of oare ferkearsdielnimmers.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De measte meldingen dy't oant no ta dien binne, komme út de stêden, mei Ljouwert as koprinner. Mar ek út Damwâld komme in opfallend soad meldingen.
Nei peaskemoandei makket Omrop Fryslân in analyze fan wat der allegear binnenkaam is. Dy wurdt dan stjoerd nei de gemeenten dêr't de knyppunten sinjalearre binne.
Ek in ferkearsûnfeilige situaasje melde? Dat kin hjirûnder op de kaart. Trochjaan fan dyn melding kin allinnich noch op dizze peaskemoandei 22 april.