Froulike stapper wol mei stek smite en wurdt oanhâlden

22 apr 2019 - 08:42

In 47-jierrige frou út Ljouwert is sneintenacht oanhâlden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder yn it útgeanssintrum fan de stêd.

Foto: Omrop Fryslân

De frou wie in kafee oan it Ruterskertier útset, mar gie bûten troch mei ferfelend te dwaan. Doe't se mei in ôfsetstek smite woe, griep de plysje yn.

De plysje hat de frou oanhâlden en meinaam nei it buro. Se mei har foarearst net mear yn de hoarekagelegenheid sjen litte.

(advertinsje)