Kollum: "Dream School"

"Alle moandeitejûns sitte wy foar it telefyzjeprogramma Dream School. Foar wa't it noch nea sjoen hat: Dream School is in skoalle dêr't jongeren oan meidogge dy't it spoar in bytsje bjuster rekke binne. Dy't sûnder diploma fan skoalle gong binne en op dit stuit - yn de measte gefallen - neat oars dogge as neat dwaan. Thús by heit en mem op 'e bank de hiele dei mei de telefoan yn 'e hân. Gjin takomstperspektyf of dreamen foar letter.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Yn trije wike tiid krije dizze learlingen op Dream School les fan Bekende Nederlanners, dy't sjen litte hoe't it ek kin. Fan Floortje Dessing oant Sjinkie Knegt; elkenien komt lâns om de learlingen te ynspirearjen. Yn sommige gefallen slagget dat, yn oare gefallen net. Want it patroan fan neat dwaan trochbrekke, is lestiger as tocht.
Fasinearre sit ik thús op 'e bank te sjen nei al dizze jongeren, dy't sa dwers as kramtried binne. Dy't noartsk en lilk tsjin alles oanskoppe. Dy't by alles it wurd 'kanker' brûke en om har hinne begjinne te slaan as der wat fan harren gedrach sein wurdt. Allegear ha se yn de allerearste ôflevering tasein om der alles oan te dwaan om harsels te ferbetterjen, mar der is eintsjebeslút mar in hantsjefol dy't har oan dy belofte hâldt.
En no lies ik ôfrûne wike dat der klachten binne oer it programma. Nota bene fan de learlingen sels, dy't fine dat der te min neisoarch is nei ôfrin fan it programma. Mar leafst achttjin learlingen fan dit seizoen en foarige seizoenen setten harren hântekening ûnder in brief, wêryn't se harren beklach dogge oer de wize wêrop't se yn byld brocht binne. Ien fan harren is Joëlla, dy't fynt dat sy delset is as in famke dat altyd lilk is.
Ofrûne wike siet se yn it programma M fan Margriet van der Linden, dêr't se har ferhaal die. Se wie lilk joech se ta. Of nee, mear teloarsteld. Oan tafel siet itselde famke as út it programma. Noartsk en stûf seach se foar har út. Se joech koarte antwurden. Der wie te min soarch west nei ôfrin fan it programma. En oh ja, se koe ek net mei de man fan de neisoarch opsjitte, dus dêr gong it mis. Gjin inkelde 'glimlach' op har gesicht te bekennen.
Gelokkich wie der ek in oar lûd. Dat fan Tatanka, dy't yn datselde programma M oanjoech dat de neisoarch wol deeglik goed regele is, mar datst sels wol it inisjatyf nimme moatst om wat fan dyn libben te meitsjen. Presys, tocht ik. Dat is krekt wat der oan mankearret: it giet net om de neisoarch, it giet om watsto der sels fan makkest. Ast lilk wachtsjen bliuwst op help en fuortendaliks spul krijst mei dyn neisoarger, tsja, dan sjit it ek net op.
Yntusken binne der al fragen steld yn de Twadde Keamer oer de saneamde wurchkontrakten, dy't de learlingen ûndertekene ha en geane der stimmen op om dizze kwetsbere doelgroep better te beskermjen. Fansels, der komt hiel wat bagger oer dizze learlingen hinne fia Twitter, Instagram en wit ik al wat net mear. Mar kinst my net fertelle dat se dat fan tefoaren net wisten. Se sitte ommers allegear de hiele dei mei harren mobyltsje yn de hân.
De NTR, de omrop dy't dizze searje makket, lûkt har de krityk oan. En se dogge wat se it bêste dwaan kinne: alle learlingen wurde útnûge foar in petear yn de klasse. Dit petear is opnaam en wurdt as ekstra útstjoering taheakke oan de rige. Sa komt der dus in alfde ôflevering fan Dream School, wêryn't elkenien syn wurdsje dwaan mei.
Ien ding is wol dúdlik: Dream School set dy as dielnimmer op it goeie paad, mar is gjin ticket foar in soarchleaze takomst. It is it begjin fan in dream, mar dêrnei moast it sels dwaan. Eins krekt as yn it echte libben dus. In moaie libbensles sa op Twadde Peaskedei."