Grut dielnimmersfjild by start autocrossseizoen yn Kollum

22 apr 2019 - 08:01

Yn Kollum is peaskemoandei de start fan it autocrossseizoen fan de Noordelijke Autocross Club (NAC). Der is in grut dielnimmersfjild en der wurdt riden yn ferskate klassen.

Autocross (stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

De drûchte fan de lêste tiid hat der foar soarge dat der ôfrûne wike hurd wurke wurde moast om de baan klear te krijen. Sa waard der sûnt ferline wike moandei al mei jarretanks fol wetter sproeid, om de baan goed wiet te meitsjen sadat it by de races net te folle stood.

Ekstra drokte

Alle 8 klassen sitte sa goed as fol en dat betsjut dat der sa'n 250 dielnimmers oan de start ferskine. Dizze ekstra drokte hat te krijen mei in wedstriid yn Grinslân dy't net trochgean kin, omdat der gjin fergunning foar ôfjûn wurde koe fanwege de natuer.

It sirkwy fan Kollum is fernijd, fertelt Meindert Acda fan de organisaasje. "In oantal bochten is oanpast en de feilichheid is folle ferbettere." De sydkanten fan de baan binne heger makke, sadat der neat mear rjochting it publyk komme kin. "In koereur kin eins net mear de baan útsjitte", seit Acda.

Goed ynsmarre

De organisaasje ferwachtet tusken de 2.500 en 4.000 besikers yn Kollum. Acda warskôget it publyk om maatregels te nimmen fanwegen it moaie waar. "Smar jo goed yn, soarch foar in petsje en jild foar drinken. We steane hjir op de romte yn de wyn en je fiele it net, mar je ferbaarne libben."

Meindert Acda fan de organisaasje fan de autocross yn Kollum

(Advertinsje)
(Advertinsje)