Tûzenen minsken reagearje op trouplannen fan Ireen Wüst en Letitia de Jong

21 apr 2019 - 22:29

Der komme in protte reaksjes op de trouplannen fan reedrydsters Ireen Wüst en Letitia de Jong. Net allinne fan oare sporters, mar ek fan bekende Nederlanners.

It pear makke op peaskesnein bekend dat it trouwe sil. Op it strân fan Curacao frege Wüst De Jong oft se mei har trouwe woe.

Tûzenen minsken sizze op sosjale media dat se dat leuk fine. Under oare reedrydster Heather Bergsma stjoert har lokwinsken, krekt as hockeysters Ellen Hoog en Naomi van As. Sy is ek bekend as de freondinne fan Sven Kramer.

Op Instagram binne der ek al fotografen en trouamtners dy't harsels oanbiede oan it pear. En der binne bekende Nederlanners dy't lokwinsken stjoere. Humberto Tan bygelyks, en Eva Jinek, Arie Boomsma, en Claudia de Breij. Sy skriuwt: "Wat geweldig! Gefeliciteerd lieve mooie vrouwen. Alle geluk van de wereld!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)