Brânwacht rydt út foar peaskefjoer Lippenhuzen

21 apr 2019 - 21:56

De brânwacht fan De Gordyk stie sneintejûn by it peaskefjoer yn Lippenhuzen. It liket derop dat in foarbygonger de helptsjinsten belle hat nei it sjen fan de flammen.

It fjoer yn Lippenhuzen - Foto: SR Fotografie

Doe't de brânwacht der wie, wie it gau dúdlik dat it om in peaskefjoer gong. It fjoer wie mei in lint ôfsetten, en it publyk stie op ôfstân.

Der wiene in pear hûndert minsken by it fjoer yn Lippenhuzen. Op oare plakken yn de provinsje wie it ek drok by peaskefjoeren.

Der wiene ek trekkers mei jarretanks fol wetter, foar it gefal dat der wat mis gean soe. De brânwachtminsken ha in pear minuten stien te sjen, en dêrnei binne se weromgong nei de kazerne.

Yn deselde nacht is de brânwacht fan De Jouwer ek útriden om in fjoer út te meitsjen. Dat gong neffens de brânwacht om garre hout dat yn in kûle yn de brân rekke wie.

Trefwurden: 
Lippenhuzen Peaskefjoer
(advertinsje)