"It leit oan Forum sels dat se net yn de koälysje komme"

21 apr 2019 - 21:34

Forum voor Democratie is wól serieus naam yn de petearen oer it nije provinsjebestjoer. It leit oan harren sels dat se net fierder kaam binne as de ynformaasjetafel. Dat seit kandidaat-deputearre Avine Fokkens fan de VVD.

Houkje Rypstra, Avine Fokkens en Hans Gillissen - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Neffens Fokkens hat Forum der sels der foar soarge dat de oaren net mei dy partij fierder prate woenen oer it foarmjen fan in kolleezje.

Yn it twadde petear hie listlûker Maarten Goudzwaard in hiel oare hâlding as yn it earste petear, seit Fokkens yn it nijsfoarum fan Buro de Vries.

Avine Fokkens: "We hadden wel belang bij besturen met Forum"

De oare gasten yn it nijsfoarum wiene Hans Gillissen fan de Stichting Afvaloven Nee, en Houkje Rypstra fan Circulair Friesland. Sy wie earder foar de PvdA wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel, en se folget de provinsjale formaasje mei grutte belangstelling.

By trije fan de fjouwer partijen liket it wol dúdlik wa't de deputearren wurde. It CDA skoot Sander de Rouwe en Sietske Poepjes nei foaren, de VVD hat foar Fokkens keazen, en de FNP hat Johannes Kramer.

Allinne by de PvdA is it noch net bekend wa't it wurdt. Der soene meardere opsjes wêze, en it soe fan de portefeuille ôfhinge wa't der keazen wurdt.

As presintatrise Simone Scheffer fan Buro de Vries oan Rypstra freget oft sy ek kandidaat-deputearre is, lit dy it achterste fan de tonge net sjen. Rypstra seit dat der in grut skala oan goeie kandidaten is, en dat se it rêstich ôfwachtet.

Houkje Rypstra: "Ik bin der hielendal net mei dwaande"

Hans Gillissen praat oer in koerswiziging yn it nijsfoarum. Syn protestgroep tsjin de ôffaloven yn Harns wol mear mei boargers prate oer it omgean mei ôffal, sadat op termyn in ôffaloven net mear nedich is.

Hans Gillissen: "Polderen is niet helemaal de bedoeling"

De feroaring fan polarisaasje nei polderjen is in hiele stap. Tsien jierren fan aksjefieren ha neffens Gillissen net oplevere wat er woe. Dat wie betiden behoarlik frustrearend. Dat se it no op in oare wize oanpakke fielt wol kwetsber en is ek net altyd like maklik, seit Gillissen.

Behalve dizze ûnderwerpen praten de foarumgasten yn Buro de Vries ek oer de brân yn de Notre Dame en oer de oanslaggen yn Sri Lanka.

Harkje nei it wykoersjoch en it folsleine nijsfoarum yn Buro de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)