Benzine en jarretanks by peaskefjurren yn Fryslân

21 apr 2019 - 19:59

Op meardere plakken fersteurt de drûchte de tradisjonele peaskefjurren, mar yn Fryslân binne de houtbulten neffens plan oanstutsen. Under oare op De Fochtel gong oan it begjin fan de jûn de brân der yn.

Foto: De Vries Media

Om healwei achten hinne is it fjoer op De Fochtel oanstutsen. Dêr waard benzine by brûkt. Tsientallen minsken kamen der op ôf.

By Elslo krige de organisaasje allinne grien ljocht foar it fjoer, as de wyn de goeie kant op stie. Earder op de dei like it net goed te kommen, mar oan de ein fan de middei draaide de wyn en dus koe âldjiersploech Vesuvius de bult oanstekke.

De brânwacht is ekstra alert op natuerbrannen. Dêrom binne yn guon oare provinsjes de fjurren ferbean.

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf hat besletten dat de fjurren yn syn gemeente allinne trochgean meie, as der foarsoarchsmaatregelen naam wurde. Sa moat der in jarretank mei wetter by it fjoer stean om it gers om it fjoer hinne wiet te hâlden.

De organisaasje fan it peaskefjoer yn Aldeholtpea joech gehoar oan dat fersyk.

De jarretank spuitet al - Foto: ProNews

Yn Fryslân is op meardere waadeilannen in stookferbod ynsteld. Op Skylge, Amelân en Skiermûntseach mei gjin fjoer oanstutsen wurde.

Trefwurden: 
De Fochtel Elslo Peaskefjoer
(advertinsje)
(advertinsje)