Omrop TIP: IepenUP frijheidskolleezjes peaskemoandei op TV

21 apr 2019 - 19:00

De frijheidskolleezjes mei Özcan Akyol en Dieuwertje Blok binne Peaskemoandei werom te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Beide telefyzjepresintatoaren hawwe te gast west yn de frijheidskolleezjes fan it programma IepenUP. Yn dy frijheidskolleezjes fertelle beiden oer harren fisy op frijheid. Sa fertelt Özcan Akyol oer frijheid fan ekspresje. Hy is net benaud syn miening te jaan, mar wurdt dêrtroch op it momint wol bot bedrige.

Foto: iepenUP

Neffens Özcan is it jaan fan dyn eigen miening hieltyd mear in hot topic. Ast dyn miening joust of iepen programma's makkest rinst de kâns datst bot bedrige wurdst. "We houden ervan om elkaar in een greep te houden van wat we moeten denken en vinden. We praten niet met elkaar, maar over elkaar."

Foto: Omrop Fryslân

Dieuwertje Blok wit út persoanlike ûnderfining fan har famylje dat frijheid net fanselssprekkend is. Har mem wie fan Joadske komôf en har beppe wie de ynternasjonaal ferneamde keunstner Stella Fontaine. Sy wist yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder te dûken, mar oare famyljeleden waarden fermoarde yn de konsintraasjekampen fan Sobibór en Auschwitz. It frijheidskolleezje fan Blok wie spesjaal foar bern.

De frijheidskolleezjes wurde moandei 22 april om 17.10 oere útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje. Ek te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)