Baarnend boatsje slacht los yn feart by Dokkum
Yn Dokkum is in motorboatsje folslein yn flammen opgong. It boatsje lei oan de wâl by de Strobosserwei. Dêr is it troch ûnbekende oarsaak yn de brân flein.
Doe't de brânwacht dwaande wie it fjoer te bestriden, rekke it boatsje los fan de wâl.
Dokkum
Foar safier't bekend is, binne der gjin minsken ferwûne rekke.
Njonken de boat wie ek in stik fan de berm yn de brân rekke. Dat fjoer is ek troch de brânwacht útmakke.