VC Snits ferliest opnij en no is it kampioenskip fier fuort

VC Snits hat bepaald gjin goeie saken dien yn de striid om de lânstitel. Yn de twadde wedstriid fan in "best-of-5-searje" wûn Sliedrecht Sport opnij.
Hester Jasper © www.orange-pictures.nl
Sliedrecht wûn snein mei dúdlike sifers. Dêrtroch stiet Sliedrecht no mei 2-0 foar yn de striid om it lânskampioenskip.
Yn de eigen Sneker sporthal begong Snits net goed oan de wedstriid. Sliedrecht Sport kaam flot op 1-5, mar troch sterk optreden fan Roos van Wijnen en Hester Jasper like op 4-6 alles wer mooglik. Neat wie minder wier. Binnen it kertier wie it 25-8 foar de gasten.
De twadde set gie in stik better. VC Snits pakte in maksimale foarsprong fan trije punten (7-4), mar ûnder lieding fan servicekanon Esther van Berkel gie de winst wer nei Sliedrecht, no mei 25-21.
Yn de tredde set gie it lang lykop, mar nei 15-15 makken de Súd-Hollanners it beheerst ôf: 25-19.
"Ze hebben ons vastgezet vanaf het eerste moment, en eigenlijk niet meer losgelaten", seit trainer Paul Oosterhof fan VC Snits.
VC Snits-Sliedrecht Sport Play-off 2
Sliedrecht Sport hat no noch ien oerwinning nedich foar har tredde lânstitel op rige.
It tredde duel is woansdei 24 april yn sporthal De Basis yn Sliedrecht. Allinne as Snits dat wint, is der in fjirde wedstriid. Dy soe op snein 5 maaie wêze, yn Snits. En in eventuele fyfde wedstriid is op sneon 11 maaie yn Sliedrecht.
Snits moat alle trije wedstriden winne om kampioen te wurden. As it oan VC Snits talint Hester Jasper leit is it seizoen nei woansdei noch net oer.
VC Snits-Sliedrecht Sport Play-off 2