Troch ien strafworp is Nederlân ûnder 19 wrâldkampioen kuorbal

21 apr 2019 - 17:41

De kuorballers fan Oranje ûnder 19 ha yn Ljouwert de wrâldtitel wûn. Yn sporthal it Kealledykje koene se België krekt de baas.

Der stie ien Fries yn de basis by it jonge Oranje: Marvin Piepers. Hy spilet by LDODK.

It Nederlânsk team hie it yn it earste kwart lestich mei België. De Belgen kamen sels brutaal op foarsprong, mar in kâns om út te rinnen krigen se net. It earste kwart einige yn 4-4.

It giet de hiele wedstriid lykop

Yn it twadde kwart gie it ek lykop. Oranje koe yn in tige fysyke finale gjin ôfstan nimme. Healweis wie de stân noch hieltyd gelyk. Mei 7-7 sochten beide ploegen de klaaikeamers op.

Pas nei it skoft pakte Nederlân foar it earst in marzje fan twa punten: 10-8. Lang duorre dat net, want de Belgen kamen werom nei 10-10. Twa goals fan Piepers koene net foarkomme dat nei it tredde kwart de stân alwer gelyk wie: 14-14.

Ien strafworp bepaalt wa't winner wurdt

Yn it lêste kwart slagge Oranje der better yn om it lytse nivoferskil yn punten op te setten. Der kaam opnij in foarsprong fan twa punten: 17-15. De Belgen joegen it lykwols net op en kamen mei noch oardel minút op de klok werom nei 18-18.

In pear sekonden letter kaam Oranje mei in strafworp op foarsprong. Dat blykte essinsjeel. De einstân wie 19-18 yn it foardiel fan Oranje.

De organisaasje sjocht tefreden werom op it toernoai.

Trefwurden: 
kuorbal Marvin Piepers
(advertinsje)
(advertinsje)