Auto mei bern bedarret yn de feart neist A7 by Beetstersweach

21 apr 2019 - 17:14

By de A7, ter hichte fan Beetstersweach, is in auto yn de sleat bedarre. Dat soe it gefolch west ha fan in oanriding mei in oare auto. In part fan de dyk is ôfsletten.

Foto: CAMJO Media

Yn beide auto's dy't by it ûngelok belutsen wiene, soene bern sitten ha. It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is.

In berger hat de beide auto's meinaam.

Trefwurden: 
ûngelok A7
(advertinsje)