Ireen Wüst en Letitia de Jong sille trouwe: "Gelukkig zei ze ja"

Reedriders Ireen Wüst en Letitia de Jong sille trouwe. Dat meldt Wüst op instagram. Wüst frege De Jong ten houlik doe't se op fakânsje wiene op Curaçao.
"Gelukkig zei ze ja," skriuwt Wüst by in foto fan it pear, dêr't op te sjen is dat se op it strân op de knibbels gong is.
De Jong (26) komt fan Feanwâlden. Wüst (33) is berne yn Brabân. Se binne sûnt 2017 by mekoar.
It is noch net dúdlik wêr of wannear't it houliksfeest plakfine sil.