Sa swier wie de Alvestêdetocht fan 1963

21 apr 2019 - 15:31

Yn de betide moarn fan 18 jannewaris 1963 wie it yn Fryslân achttjin graden ûnder nul. It waaide. En yn it iis sieten skuorren. Troch de snie wie de Alvestêderûte hast net te sjen.

Foto: ANP

Under dy omstannichheden kaam Jan Uitham as twadde oer de fininsh, achter Reinier Paping, en foar Jeen van den Berg. Uitham ferstoar dizze wike. Hy waard 94 jier âld.

Yn 2013 wie it 50 jier lyn dat de Alvestêdetocht fan 1063 ferriden waard. It radioprogramma Buro de Vries seach doe werom op in heroyske tocht.

It wie in gefjocht tsjin de eleminten. Teannen beferzen, riders waarden blyn fan de snie, en grinzen waarden ferlein om de einstreep te heljen.

It wie de swierste Alvestêdetocht ea.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)