SC Cambuur moat winne fan FC Den Bosch om yn de race foar de play-offs te bliuwen

21 apr 2019 - 13:55

SC Cambuur spilet peaskemoandei om healwei trijen de thúswedstriid tsjin FC Den Bosch. Om goed yn de race te bliuwen foar in plak yn de play-offs moatte de Ljouwerters trije punten pakke.

FC Den Bosch is de nûmer seis fan de kompetysje en is as perioadewinner al wis fan in plak yn de play-offs. Cambuur pakte freed in muoisum puntsje yn de útwedstriid tsjin FC Eindhoven. In oerwinning op FC Den Bosch is needsakelik, want it is dringen om in plak yn de play-offs.

Rene Hake oer cambuur

By Cambuur trainde oanfierder Robbert Schilder op oanpaste wize. Doch hopet trainer Hake dat er in berop dwaan kin op Schilder. Matthew Steenvoorden foel freed op syn skouder, mar trainde wol gewoan mei. Hake: "Het is nog beurs op zijn schouder, maar de ontsteking is weggetrokken. Hij kan gewoon spelen". Op de langer blessearre spilers nei is de rest fan de seleksje fit. Dat jildt ek foar Issa Kallon. Dy hat de problemen mei in teanblessuere ûnder kontrôle, sa fertelde de trainer.

Hake ferwachtet in ôfwachtsjend fuotbaljend Den Bosch. "Den Bosch is een ploeg die op de counter loert. Ik verwacht dat zij heel gesloten gaan spelen en speculeren op hun snelle aanvallers. Wij zullen de juiste momenten moeten afwachten en geduld moeten hebben. Dat vergt veel concentratie en energie".

De Cambuurtrainer hat in bytsje de yndruk dat by in part fan de supporters net al tefolle betrouwen is yn it heljen fan de play-offs. "Wij hebben een mooie gelegenheid om een goede stap te zetten. Ik hoop dat het publiek dat ook voelt en dat zij ons volledig gaan steunen. De twaalfde man kan het verschil maken".

Xavier Moud oer cambuur

De trainer tinkt noch hieltyd posityf oer de situaasje fan Cambuur yn de kompetysje. "We staan er niet slechter voor dan vorig jaar. We hadden toen met nog drie wedstrijden te spelen één punt minder dan nu. We zijn vorig jaar geëindigd op 58 punten. We staan nu op 51. En het verschil met FC Den Bosch is twintig punten geweest. We staan nu maar zes punten achter hun".

(Advertinsje)
(Advertinsje)