Fersetheld Koos út Sondel waard deasketten op de flecht

21 apr 2019 - 11:00

Syn namme yn it ferset wie Karel: Jacobus Johannes Boomsma wie kommandant fan de LO yn Snits, de organisaasje dy't alles regele om ûnderdûkers hinne. Boomsma stjoerde de minsken oan, regele bonnen en ûnderdûkplakken. Hy hie in winkel yn Sondel en sutele troch hiel Gaasterlân guod út. Dêrtroch wist er alle plakken dêr't minsken ûnderdûke koene, te finen.

Foto: Priveefoto

Sels siet er ek ûnderdûkt, omdat er oan it wurk moast foar de Dútsers yn de Arbeidseinsatz. Jacobus stie yn syn winkel, doe't der in Dútser ynkaam dy't him meinimme soe as kriichsfinzene. Jacobus ('Koos') wist him te fertellen dat er by de ferkearde Boomsma wie, stjoerde him in oare kant út en naaide dêrnei gau út. Koos siet doe al, tegearre mei syn frou, yn it ferset en hy krige in ûnderdûkersplak yn Snits.

De winkel fan Boomsma yn Sondel - Foto: priveefoto

Op de flecht deasketten

Pieter Boomsma hat de ferhalen oer syn heit allinnich fan hearren sizzen. Yn novimber 1944 kaam 'Karel' om it libben, doe't er kontrolearre oft in pear fan syn mannen wol feilich wiene. It hûs dêr't de mannen wêze moasten, wie beset troch Dútsers. Hy hie warskôge wêze moatten, mar dat wie net bard. Doe't de doar troch in Dútser iependien waard, naaide Jacobus Johannes Boomsma út. Hy waard op syn flecht deasketten.

Grutsk

Syn soan Pieter wie twa jier doe't dat barde. Sadwaande hat er syn heit noait kennen. Mem Tiete hie trije lytse bern. De fjirde wie op komst. Dat bern krige by de berte yn maaie 1945 de nammen fan syn heit: Jacobus Johannes Karel. Pieter Boomsma is grutsk op syn heit. "Pieter Wijbenga neamt myn heit yn ien fan syn boeken ien fan de grutste fersetsstriders fan Fryslân. Dêr bin ik grutsk op".

Soan Pieter Boomsma - Foto: Omrop Fryslân

Yn Sondel is in strjitte ferneamd nei Jacobus Johannes Boomsma en yn Boalsert in plein. Op in marmeren tinkplaat oan de bûtenkant fan it âlde gemeentehûs yn Balk stiet syn namme en by syn grêf op it hôf yn Sondel fynt alle jierren op 4 maaie in betinking plak.

Betinkingsplaat op de muorre fan it âlde gemeentehûs fan Balk - Foto: priveefoto

It ferhaal fan Pieter Boomsma oer syn heit Jacobus Johannes Boomsma is optekene yn in rige fan Buro de Vries oer oarlochsslachtoffers yn Fryslân, oan de hân fan it oarlochsslachtoffersargyf fan Jack Kooistra.

Harkje nei it ferhaal fan Pieter Boomsma oer syn heit Koos.

(Advertinsje)
(Advertinsje)