Waarfotografe Anna Zuidema: "Foar min waar giet alles oan de kant"

21 apr 2019 - 10:58

It NOS Journaal lit faak foto's fan har sjen. Moaie loften, driigjend waar of dizige moarnsfoto's. Se komme allegear foarby by it waarpraatjes mei presintator yn it lanlike sjoernaal. Anna Zuidema fan Harns is dêr hôfleveransier.

Foto: Anna Zuidema

Sûnt 2009 makket Anna al waarfoto's. Se hat de leafde fan har pake oerkrigen. Hy wie ek in waarleafhawwer en sei tsjin de jonge Anna dat nergens sokke moaie loften binne as by it Waad. Doe't Anna sân jier wie, ferstoar har pake. Mar de fassinaasje foar it waar hat se fan him meinaam.

Foto: Simone Scheffer

Anna Zuidema yn Buro de Vries

National Geographic

Anna Zuidema wennet yn Harns. Se giet, as it heal kin, moarns betiid de doar út op syk nei it moaiste plaatsje fan de dei. Yn 2009 kocht se har earste kamera en begûn foarsichtich har fotografebestean. Yn earste ynstânsje fanwege har beheining. Anna hat de auto-ymmúmsykte SLE. De sykte taast it bynweefsel oan. Om der dochs sa faak mooglik op út te gean, socht Anna in hobby. Dat waard fotografy. Al gau kamen foto's fan har by National Geographic yn byld. En dêrnei gie it hieltyd fierder.

NOS Journaal

No komme har foto's mei grutte regelmaat foarby yn it NOS Journaal. Dat is bysûnder, want dêr komme alle dagen in hiel soad foto's binnen. Dy fan Anna springe der dus út. Se fynt dat sels ek hiel moai. Mei de hiele húshâlding sitte se faak om acht oere mei spanning op de bank te wachtsjen op it waar. Komt har foto foarby? Anna har man is ek drok mei it waar. Hy hâldt buien en oare saken foar har yn 'e gaten. En de âldste soan is ek al mei it waarfirus besmet.

"Tongerbui boppe Waad is it moaiste"

Mei min waar op komst begjint Anna har hert hurder te slaan. As buien op wei nei de kust fan Fryslân binne, moat se derhinne. De moaiste foto is dy fan in tongerbui boppe it Waad. As dy deroan kaam, giene de bern doe't se noch lyts wiene yn de pyama mei yn de auto. "Dan moet ik erheen. Zo gaat dat", fertelt in laitsjende Anna.

Moai maatiidswaar dêr't gjin wolkje te sjen is, is foar de measten fan ús hearlik, mar foar de fotografe net. Dat is saai en dêr falt net safolle eare oan te beheljen.

Foto: Anna Zuidema

Je doet ertoe en wordt gezien, dat is het mooie ervan.

Anna Zuidema

Anna ferkeapet har foto's, mar it is gjin big business. Se makket der ek net in hiel soad wurk fan. It giet har benammen om it publyk meigenietsje te litten fan de prachtige loften en de natuer. Se fynt it moai as se berjochten út it hiele lân krijt oer in foto yn it sjoernaal of earne oars. Wat as in hobby en ôflieding fan har sykte begûn, is in passy wurden en in stikje identiteit.

Foto: Anna Zuidema
Trefwurden: 
anna zuidema
(advertinsje)
(advertinsje)