Stankoerlêst troch peaskefjurren yn Dútslân

21 apr 2019 - 09:05

De peaskefjurren yn Dútslân binne oant yn grutte dielen fan Fryslân en Nederlân te rûken. Op peaskesnein rûkte it moarns betiid yn Ljouwert op strjitte as hiene in soad minsken doe al de houtkachel oan.

Foto: ANP

Smog

Benammen yn de noardeastlike provinsjes lykje minsken lêst te hawwen fan de peaskefjurren yn Dútslân. Dat komt troch de eastlike wyn. Dy blaast reek en roetdieltsjes fan de peaskefjurren nei it westen ta. Op guon plakken is de luchtkwaliteit ûnfoldwaande of sels min. Longpasjinten of minsken mei hert- en faatsyktes kinne lêst krije fan smog. Sy kinne har mar better net te folle ynspanne, riedt it RIVM oan.

Drûchte

De measte peaskefjurren yn Fryslân en eastlik Nederlân wurde pas op peaskesnein of op peaskemoandei oanstutsen. Oft dat trochgiet, is noch mear de fraach. As it te hurd waait, is it ferbean, want dan soe it fjoer him troch de drûchte maklik ferspriede kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)