Fytstocht yn Damwâld smyt 10.000 euro op foar ûndersyk nei leversyktes

De fytstoertocht Overleverstocht yn Damwâld en omkriten hat sneon hast 10.000 euro opsmiten foar in goed doel. It jild giet nei ûndersyk nei leversyktes en -transplantaasjes. De tocht is mei organisearre troch hurdfytser Jan Fennema út Damwâld dy't sels in donorlever hat.
Jan Fennema © Omrop Fryslân, René Koster
De fytstocht, mei start en finish by De Krúswei yn it sintrum fan Damwâld, hie sneon 418 dielnimmers. Sy koene kieze út de ôfstannen 20, 46 of 90 kilometer.
Organisator Jan Fennema waard berne mei in ôfwiking oan de lever. Doe't er 5 jier wie, krige er in levertransplantaasje. Jan wint no prizen as hurdfytser. Dochs set er him net allinnich yn foar syn eigen sportive doelen. Hy freget as ambassadeur ek omtinken foar de needsaak fan orgaandonaasje en foar it wurk dat se op dat mêd dogge by it UMCG. Syn eigen Stichting Overlever moat dêrby helpe.