Brânwacht Oerterp hat lêst fan wettertekoart: skuorre giet folslein ferlern

20 apr 2019 - 22:43

Yn Oerterp is in skuorre oant de grûn ta ôfbaarnd. Der soe in trekker yn de skuorre stean hawwe. Dêr is neat mear fan oer.

Foto: SR Fotografie

De brânwacht fan Beetstersweach wie útriden om it fjoer út te meitsjen. It soe net maklik west hawwe om oan wetter te kommen, omdat de skuorre in ein fan de dyk ôf lei. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen der al út.

It is noch net dúdlik hoe't it fjoer ûntstean koe. Der is net ien ferwûne rekke by de brân.

Trefwurden: 
brân Oerterp
(advertinsje)