Aris ferliest yn de lêste sekonden fan topklup Landstede út Zwolle

De mannen fan Aris ha yn Zwolle mei in minimaal ferskil ferlern fan Landstede Basketbal. It waard 88-87 foar de thúsploech.
Bas Veenstra fan Aris yn duel mei Kayel Locke fan Landstede © www.orange-pictures.nl
Aris begûn sterk oan de wedstriid tsjin de nûmer twa út de kompetysje. De Ljouwerters gongen aardich lykop mei Landstede en nei it earste hiene se in lytse efterstân: 27-24.
Yn it twadde kwart kaam Aris sels even op foarsprong. It stie 31-33, mar by it skoft wie der alwer in achterstân: 47-44.
Nei de rêst like Aris minder skerp. Landstede naam de lieding oer de wedstriid, mar Aris liet it gat net te grut wurde. Mei in stân fan 74-70 gongen de beide ploegen it lêste kwart yn.

Spannend oant de lêste sekonden

Yn it slotstik wie it opnij Landstede dat de foarsprong fergrutte (87-75), mar de Ljouwerters lieten it der net by sitte en se fochten harsels yn de lêste minút wêrom nei 87-87.
Fiif tellen foar tiid skoarde Landstede it beslissende punt. Ut in frije goai waard it 88-87.