Fjouwer fuotbalfroulju fan 't Fean by froulike ferzje fan Jong Oranje

Fjouwer spylsters fan SC Hearrenfean sitte by de alderearste seleksje fan it nasjonale frouljusalvetal ûnder de 23. It giet om Suzanne Admiraal, Fenna Kalma, Quinty Sabayo en Danique Ypema.
Danique Ypema spile earder foar Oranje ûnder de 20 © www.orange-pictures.nl
Mei fjouwer spylsters kin Hearrenfean himsels hôfleveransier neame, al stjoere Ajax en PSV likefolle fuotbalsters nei de nije ploech.
It Nederlânsk frouljusalvetal ûnder de 23 spilet op 26 maaie foar it earst yn in grut toernoai yn Sweden. Sina, Ingelân, Noarwegen en Sweden dogge dêr ek oan mei.
Jessica Torny is de haadcoach. Se stie earder trije jier lang oan it roer by de Feanster fuotbalfroulju.
It nij frouljusalvetal ûnder de 23 jier is ferglykber mei it manlike Jong Oranje. Neffens de KNVB is it in skeakel tusken de jeugdteams en de Oranje Liuwinnen.