Jonge Nederlânske kuorballers mei oermacht troch nei WK-finale

De Nederlânske kuorballers ûnder de 19 jier hawwe har oertsjûgjend pleatst foar de WK-finale. Yn Ljouwert wûnen se de kwartfinale tsjin Hongarije mei in meunsterscore fan 54-6. En de heale finale tsjin Dútslân wie ek in proai foar Oranje.
Yn it jonge Oranje-team spilet ien Fries, Marvin Piepers fan LDODK. Hy sjocht út nei de finale.
Dei 2: WK kuorbal oant 19 jier yn Ljouwert
It is de earste kear dat der in offisjeel WK holden wurdt yn dizze leeftiidskategory. En foar Piepers is it ek de lêste kear. Takom jier is er te âld om der oan mei te dwaan.
Yn de pûlfaze wûn Nederlân freed ek al fan Dútslân. Doe mei 26-8. Yn de heale finale wie it ek net spannend. Dy wûn Nederlân mei 20-4.
Marvin Piepers is net de iennige spiler fan LDODK yn de seleksje fan bûnscoach Leon Simons. Charlotte de Jong stie ek yn de basis. Sy komt lykwols net út Fryslân, mar út Grinslân.
© Freark Wijma, Omrop Fryslân
Tradisjoneel binne der yn it kuorbal twa lannen dy't mei kop en skouders boppe de oaren útstekke: Nederlân en België. En al like Sineesk Taipei yn de buert fan de Belgen te kommen, yn in rjochtstreekse wedstriid walsten de Belgen oer de Aziaten hinne. Yn de kwartfinale waard it 30-18.
De finale is dus snein dochs wer de klassiker tusken Nederlân en België. Oanfang 15:45 oere, yn It Kealledykje yn Ljouwert.