ONS Snits stelt plak yn tredde difyzje feilich mei meunsterwinst tsjin VVOG

ONS Snits bliuwt it kommend seizoen yn de tredde difyzje. It plak is feilichsteld mei in meunsteroerwinning op VVOG. Op it eigen fjild waard it 7-0.
© www.orange-pictures.nl
ONS hat him sa ek pleatst foar de KNVB-beker fan it kommend seizoen. Dat meldt de klup op twitter.
By it earste en it lêste doelpunt fan ONS tsjin VVOG waard der skoard fanút in penalty, respektyflik troch Michael Lanting en Jelle de Graaf.
De oare doelpunten wienen fan Genridge Prijor, Martijn Barto, Yumé Ramos en Serge Fatima (2x).