Harkemase Boys ferliest mei 4-1 by SteDoCo, en dat is net foar it earst

20 apr 2019 - 17:32

Harkemase Boys hat de útwerstriid tsjin SteDoCo ferlern mei 4-1. Twa seizoenen lyn behellen de Fryske amateurs dêr eksakt deselde útslach.

Mark Bruintjes fan de Harkemase Boys - Foto: www.orange-pictures.nl

Jesse Renken makke it iennige doelpunt fan de Harkemase Boys. Hy skoarde út in strafskop, neidat Ricardo Samoender fan SteDoCo by in corner Harkyt Berwoud Beimers yn de rêch treaun hie.

De doelpunten oan de kant fan SteDoCo wiene fan Vincent Verheul, Joran Schröder, Bryan Jongeneel en Guytano dos Santos.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)