Plysje moast minsken warskôgje om fuort te bliuwen by natuerbrân Oranjewâld: "Het was heel druk"

20 apr 2019 - 22:52

By in brân yn de buert fan Oranjewâld hat de plysje minsken meardere kearen warskôgje moatten om op ôfstân te bliuwen. Dat meldt de brânwacht. Yn de buert fan museum Belvédère stie sa'n 200 kante meter feangrûn yn de brân.

Foto: ProNews

It wie drok yn it gebiet, op it momint dat de brân útbruts. Der wiene in protte toeristen en kuierders, fanwege it moaie waar.

"De politie heeft meerdere keren mensen moeten waarschuwen om op afstand te blijven en hulpverleners de ruimte te geven", seit wurdfierder Ingrid Weert fan de brânwacht. "Het was heel druk. Mensen stonden een beetje in de weg. Maar dat heeft de hulpverlening niet echt gehinderd."

Der is net ien ferwûne rekke.

Neiblussen

De brânwacht hat in skoft dwaande west mei it neiblussen. "Dat vergt veel tijd. Bij veengrond weet je nooit wat er zich ondergronds nog aan brandhaarden kan bevinden", seit Weert.

Rillegau nei de earste melding hat de brânwacht grut opskaald. "Natuurbranden zijn onvoorspelbaar. En het is nu allemaal erg droog."

Yn Oranjewâld die bliken dat it gong om grûn dêr't wetter omhinne lei. "Dat was ons geluk." Even foar fjouwer oere wie de brân master.

In waarme útlaat

Earder dizze wike warskôge de brânwacht al foar de gefaren fan de drûchte. No seit Weert ek wer dat in waarme útlaat fan in auto, dy't yn it hege drûge gers parkeard wurdt, samar in brân feroarsaakje kin. "Of een stukje glas, waar de zon op schijnt." Wat yn dit gefal de oarsaak wie, dat is noch net dúdlik.

Letter dit wykein binne der meardere peaskefjoeren pland, ek yn Fryslân. It is oan de gemeenten om te sizzen oft dy wol trochgean kinne, seit Weert.

"Het is niet erg verstandig om met dit weer vuur aan te steken. Maar we hebben er vertrouwen in dat het gecontroleerd gebeurt. En we adviseren om erg voorzichtig te zijn."

Foto: ProNews
Trefwurden: 
brân Oranjewâld
(advertinsje)