Peaskewykein topwykein foar hoareka en toerisme, ek fanwege it waar

It liket in topwykein te wurden foar de hoareka en it toerisme yn Fryslân mei dit moaie waar. Sylskoalle Krekt Sailing yn Twellingea moat nee ferkeapje dit wykein. Se sitte hielendal fol.
Peaskewykein top foar hoareka en toerisme
De sylskoalle moat wol hiel fleksibel wêze sa yn it begjin fan it seizoen. Sa moatte der al genôch ynstrukteurs beskikber wêze, moatte de boaten klear wêze en moatte se goed sjen oft de foarsjenningen ûnderweis al iepen binne. Twa jier ferlyn wie it byld hiel oars. Doe lei der neffens eigener Reinder Althuis fan Krekt Sailing noch iis mei it peaskewykein.
Njonken de rekreaasje op it wetter binne der ek hiel wat minsken te finen op de terrassen en de campings en camperplakken yn de provinsje.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga