Ut it neat in nij poppoadium yn Ljouwert: Magneet

20 apr 2019 - 12:11

It mei 'need gean' yn it nije poppoadium Magneet yn Ljouwert ('mag need' yn it Ljouwertersk). Inisjatyfnimmers Roel Meijer en Peter van Beets wolle alle moannen wat organisearje yn de Popbunker oan de râne fan de Prinsetún. "Er gebeurt niet veel hier. Mensen proberen het wel heel erg, maar er wordt te veel overlegd dat er geld moet komen van de gemeente", fynt Meijer. En dus komme se sels yn aksje.

De programearring yn poppoadium Neushoorn stiet Meijer en Van Beets net oan. Se fine it spitich dat poppoadium Asteriks gjin fêst plak mear hat yn de Blokhúspoarte. "Bovendien mist hier het kleinschalige waar iedereen zou moeten kunnen spelen", follet Van Beets oan. Se wolle gjin enerzjy stekke yn it freegjen om jild oan de gemeente of yn it organisearjen fan in 'kultureel briedplak'. "We doen het gewoon lekker zelf."

De beide manlju fûnen it net hiel dreech om Magneet foarelkoar te krijen. Stichting De Popbunker stelt de grutte oefenromte beskikber, dêr't plak is foar sa'n fyftich oant sechstich besikers. It is allegearre leechdrompelich. As it in sukses is, wolle se soks alle moannen dwaan. Se hawwe yn alle gefallen al data foar maaie, juny en july te stean. "We willen graag wat andere en vagere bands hierheen halen dan die te zien zijn in de grotere en reguliere poppodia."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Inisjatyfnimmers fan Magneet Roel Meijer en Peter van Beets

Fierders hoopje se dat se oaren ynspirearre om ek soksoarte fan lytsskalige en leechdrompelige konserten te organisearjen. "Dan krijg je gezonde concurrentie. Daar bouw je cultuur mee, niet met geld."

Magneet giet sneontejûn om 21.00 oere foar it earst los. In kaartsje kostet 5 euro. De bands Abdomen (dêr't Roel Meijer en Peter van Beets sels yn spylje), Pauper en Sai Tao trede op.

De Popbunker

De bunker is boud yn de perioade fan de Kâlde Oarloch. Doe't dy foarby wie, is de bunker yn hannen kommen fan de Stichting De Popbunker. It plak wurdt al jierren brûkt as oefenplak foar bands. Der binne seis oefenromtes beskikber en der is in bar.

(advertinsje)
(advertinsje)