Rypster Merke troch merke-eksploitanten útroppen ta 'bêste merke fan it lân'

20 apr 2019 - 11:23

De merke fan Dronryp is de 'bêste kermis fan it lân'. Dat seit de belange-organisaasje fan merke-eksploitanten, de Bovak.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De útrikking fan de priis fan 'Beste kermis van het jaar' wie freed yn Deventer. De keatsferiening fan Dronryp, Sjirk de Wal, organisearret alle jierren de grutste doarpsmerke fan Noard-Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)