Riedslid yn Harns wol syn wurden oer Fiskerijdagen net weromnimme

VVD-riedslid Gerrit-Jan de Vries fan Harns wol syn wurden oer de Fiskerijdagen net weromnimme. As riedslid hat er it rjocht om fragen te stellen, seit er. It bestjoer fan de Fiskerijdagen fielt him misledige troch in opmerking fan De Vries yn de riedsgearkomste fan 27 febrewaris.
Gerrit-Jan de Vries fan VVD Harns © Omrop Fryslân
Yn de riedsgearkomste sei De Vries dat er graach de sifers ynsjen wol fan de Fiskerijdagen. Dy fraach is de Stichting Fiskerijdagen yn it ferkearde kielsgat sketten. Se wolle no sels hielendal gjin gemeentlike subsydzje mear, salang't De Vries syn wurden net weromnimt. Dat wegeret De Vries. Hy fynt it in legitime fraach foar in riedslid en boppedat hawwe oaren dy fraach ek, mar is hy dejinge dy't him stelt.
"Naar het schijnt zijn er ook evenementen die om financiële redenen worden afgelast. Dat roept bij ons vragen op. Daarnaast hebben wij al zeker twee of drie keer gevraagd inzicht te mogen krijgen in de cijfers van de Visserijdagen. In ieder geval van de stichting. Dat kan zich beperken tot een winst- en verliesrekening over 2018 en een begroting over 2019. Dus mijn vraag is simpel: wanneer krijgen we nu eindelijk eens een keer deze cijfers te zien? Daar zitten we met smart op te wachten. Wij krijgen vragen, ook vragen die ik vorig jaar al heb gehad, over rekeningen die niet betaald zijn."
Gerrit-Jan de Vries, riedsgearkomste gemeente Harns 27 febrewaris