HEA! 35 jier yn it spier foar Dorcas

20 apr 2019 - 10:35

Rinske Bonnema út Nijlân sammelet al tsientallen jierren klean en oar guod yn foar de allerearmste minsken fan de wrâld. Minsken kinne de pûden by har oan hûs ôfleverje. Frou Bonnema sjocht de klean dan nei, sortearret wat netsjes genôch is en teart it guod op. In wichtige driuwfear foar har om dit frijwilligerswurk te dwaan, is har leauwe. No't se lykwols hast 82 jier is, wol se der oan de ein fan it jier mei ophâlde. "Mei pine yn it hert, dat seker."

(advertinsje)