Kollum: "Echtskieding"

"De titel fan dizze kollum is echtskieding. Ja, dan ha ik jim oandacht grif te pakken. Want soe er op de radio bekend meitsje dat... No, nee. Ik haw begrepen dat de frou en ik sa stadichoan ta in selekt selskip hearre."
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
"Op 15 septimber 1796 waard yn Nederlân de earste kear in echtskieding útsprutsen. Dat is al in moai skoft lyn. Ik haw net telle kinnen hoe faak oft dat dêrnei wer bard is, mar ik woe se net graach de kost jaan. Sûnt it jier 2010 is der sels in Dei fan de Echtskieding yn it libben roppen. Tige hip, je hawwe tsjintwurdich oeral in dei foar, dus dan ek mar de nasjonale Sjou By Elkoar Wei Dei. Der sit in hiele brâns achter die skiederaasjes. Prachtige slogans as: Modern uit elkaar, dik voormekaaar en mear fan ditsoart salvjend proaza. Ergonomysk tige ferantwurde burokes spesjalisearje harren yn it begelieden fan it proses dêr't, as se der binne, de bern meastal noch altyd de grutte ferliezers wurde. Want hoe hip oft it ek is om nei in oantal jierren fan partner te feroarjen, foar de bern bliuwt heit heit en mem mem.
Op de nasjonale feestdei fan de skiedings is it úteinlike doel, ik sitearje even: '...het verbeteren van het proces rondom echtscheidingen, zodat (ex-)partners zorgvuldig en respectvol uit elkaar gaan.'
De doaskes mei papieren bûsdoekjes op tafel en dan komt de cd-kolleksje yn de ûnderhannelingen, plus in fatsoenlike omgongsregeling sa dat de bern beide ferwekkers noch sjen kinne. Ik sjarzjearje fansels, mar yn feite komt it wol op ditsoarte dingen del. Hartstikke wreed, neat dik voormekaars oan.
Myn heit en mem binne oant heit stoar by elkoar bleaun. Ek skoanfolk is neffens my net fan doel om de handoek no noch yn de ring te smiten. En dat blykt hiel bysûnder te wurden. As je de hagelslach jouwe as der om jam frege wurdt, is it al hast hommeles, sa liket it. De nije profilen op Tinder en Second (best) Love stean by wize fan sprekken al yn konsept klear, want der is in lân fol potinsjele nije relaasjes. De pest is dat dy meastal ek al ien en oar meimakke hawwe, dus statistysk besjoen is de 'by elkoar wei sjou moade' gjin garânsje foar in suksesfol ferfolch. Mar klear, elts moat mar dwaan wat er docht. As je elkoar it libben ûnmooglik meitsje, is der gelokkich in kâns om it op in oare wize wer te besykjen.
Op freed de 13e septimber fan dit jier is de folgjende edysje fan de Dag van de Scheiding. Ik fyn de datum treflik passen by it ûnderwerp, mar even fierder studearje learde my dat se altyd in dei tichtby 15 septimber kieze, yn neitins oan de earste offisjeel útsprutsen skieding yn Nederlân.
In pear moannen earder hoopje wy de 25 jier fol te meitsjen. En fansels binne der yn dy 25 jier wolris wat rare wurden sein, in doar tichtklapt en wie der wolris in pynlike stilte. Mar we binne der noch, fleurichop mei gieltsje, de kat hat jongen. Dat we net aktyf meidwaan hoege oan de Dag van de Scheiding hat wol in reden, tink ik. It komt neffens my foar in grut part omdat wy gjin hagelslach en jam op bôle ite."