Omrop TIP: It ryk fan de wyk, de legacy fan de Ljouwerters

Wat hat LF2018 betsjutten foar de gewoane Ljouwerter sa as de bewenners fan de wyk Heechterp-Schieringen; jierrenlang betitele as ien fan de earmste wiken fan ús lân? Yn de Fryslân DOK-dokumintêre 'It ryk fan de wyk' fertelle wykbewenners, helpferlieners en haadrolspilers harren ferhaal.
Hilbrand van den Bosch sjocht werom op 8ste dag © Omrop Fryslân
Doel fan LF2018 wie om elkenien meidwaan te litten. Ek minsken ûnder de earmoedegrins en minsken dy't neat mei keunst en kultuer fan dwaan hawwe. De gedachte dy't dêrby heart is: wa't meidocht oan kulturele aktiviteiten, is mear belutsen by de mienskip. Sa waard der yn it bidbook skreaun: by mear as de helte fan de Ljouwerters moat de grutskens, it wolwêzen, de sosjale gearhing en it optimisme yn de stêd tanimme. Mar is soks wol te mjitten, of is it allinnich te fielen?
Tatiana Pratley en Liza van Houten © Omrop Fryslân

Mienskipsprojekten

Heechterp-Schieringen die as wyk mei oan '8ste dag', it grutte community art-projekt fan LF2018, dat ek foar ferbining soargje moast. Hilbrand van den Bosch (32) hat lêst fan depresjes en is gameferslave. Hy hat in healjier oan de gong west om de caravan te bouwen dy't troch wetter yn beweging kaam op '8ste dag'. Mei it opknappen fan de caravan knapte Hilbrand ek op. Dat seach ek syn begelieder fan Lifemaster, in sosjale ûndernimming dy't jongerein begeliedt. Dat harren '058' Kulturele Haadstêd wie, hat wat dien mei de jongerein, dat sjogge se by Lifemaster.
Liza van Houten (21) is hikke en tein yn Heechterp-Schieringen. Sy hie de haadrol yn de foarstelling 'Work, work, work, work, work'. Wat feroaret der as je je ferhaal dwaan kinne oer de foaroardielen dy't minsken hawwe oer de wyk. En is der ek wat feroare yn it libben fan Liza? Regisseur fan it stik, Tatiana Pratley gie mei har kollega's in jier lang de wyk yn en sjocht werom op wat de foarstelling dien hat foar de 'iepen mienskip'.
Kertiermakker Sjoerd Bootsma © Omrop Fryslân
Yn it hert reitsje
Kertiermakker Legacy Sjoerd Bootsma wie fan it begjin ôf oan belutsen by LF2018 en fertelt dat 2018 in tuskenstasjon is. Neffens him giet it om hoe't we Fryslân yn 2028 oerdrage wolle oan de nije generaasje. Keunst en kultuer kinne minsken reitsje yn it hert en as minsken echt yn beweging komme wolle, moatte se yn it hert rekke wurde.
De Fryslân DOK-dokumintêre 'It ryk fan de wyk, de legacy fan de Ljouwerters' is op snein 21 april fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De dokumintêre is makke yn opdracht fan it mediaplatfoarm Finster op Fryslân, yn it ramt fan de legacy fan LF2018.