Syn ploech SC Hearrenfean ferliest, mar Kik Pierie kriget felisitaasjes

20 apr 2019 - 08:29

Kik Pierie wie freedtejûn de iennige dy't felisitearre waard nei de nederlaach fan syn ploech. SC Hearrenfean ferlear mei 2-1 fan Heracles, mar Kik Pierie krige de felisitaasjes, want fan 'e wike waard bekend dat er takom jier by Ajax spilet.

Dizze wedstriid is hiel frustearjend, want ast as ploech genôch kânsen kreëarest, is it frustrearjend datst se der net yn sjitst, sei Pierie. Dat is miskien ek it ferskil wêrom't Heracles dêr stiet en wy hjir. Yn de einfaze hiene we skerper wêze moatten.

Trainer Johnny Jansen is it mei him iens: Wy hiene hjoed gewoan winne moatten, seit er. Wy hawwe net folle weijûn en op harren helte spile, mar wy krigen twa goals tsjin. It gefoel fan miste kânsen is pynlik.

(advertinsje)
(advertinsje)